Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld diel 6: Piter Jelles Troelstra

Skriuwers yn byld diel 6: Piter Jelles Troelstra

14 April 1988

Piter Jelles Troelstra is bekend as socialistisch lieder, mar yn Fryslân is Troelstra ek bekend as Fryske skriuwer en dichter. Benijd nei wer Troelstra syn karriêre as politikus en skriuwer begûn? Dat komt yn de sechsde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld'.

Wyn op woansdei: Feminisme

Wyn op woansdei: Feminisme

30 Oktober 2002

Programmamakker Gerard van der Veer is benijd hoe't it mei it feminisme stiet. Is de emansipaasjebeweging noch sa fitaal as eartiids of is se op stjerren nei dea? Hy giet by trije feministes fan trije ferskillende generaasjes lâns om in antwurd op dizze fraach te krijen. Neffens de 56-jierrige Henriëtte Bolléé, se stie earder op de barrikaden, stelt it feminisme net folle mear foar en moat de jongere generaasje froulju folle mear fan har hearre litte.

7de klasse A 05: Dokkum - De Monnik

7de klasse A 05: Dokkum - De Monnik

14 Oktober 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike 2-2: Dokkum - De Monnik.