Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (1)

Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (1)

01 Juny 2003

Dokumintêre oer Wâldrock. We sjogge foarút nei de edysje fan 2003, sjogge achter de skermen mei de minsken fan de organisaasje en de opbou fan dizze edysje. Oan it wurd komme Kees Koudstaal, organisator fan de earste oere, Paul Bosgra oer de earste edysje doe't populêre bands fan dat momint programmearre waarden, lykas de Nits, De Dijk, Kobus Gaat Naar Appelscha. Fierder fertelle Johan Koster en Margreet Triemstra oer har wurk. Lêstneamde is koördinator fan de frijwilligers en we prate mei fêste besiker Johannes Keekstra.

Van Tuinen Thús by Ekke Atsma

Van Tuinen Thús by Ekke Atsma

29 July 2003

Thús by Ekke Atsma yn Ealahuzen, biologysk boer op duorsum boerebedriuw. Figurant yn Baas Boppe Baas.

Tûkelteammen 0308

Tûkelteammen 0308

31 Maaie 2005

De achtste en lêste ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit sjongeres Anneke Douma mei Jelmer Kuipers út Snits en yn team 2 sit sjongeres Griet Wiersma mei Jan Piet Bergmans út Vianen.