Wâldrock: Duvelse muzyk yn de greide (1)

01 Juny 2003

Dokumintêre oer Wâldrock. We sjogge foarút nei de edysje fan 2003, sjogge achter de skermen mei de minsken fan de organisaasje en de opbou fan dizze edysje. Oan it wurd komme Kees Koudstaal, organisator fan de earste oere, Paul Bosgra oer de earste edysje doe't populêre bands fan dat momint programmearre waarden, lykas de Nits, De Dijk, Kobus Gaat Naar Appelscha. Fierder fertelle Johan Koster en Margreet Triemstra oer har wurk. Lêstneamde is koördinator fan de frijwilligers en we prate mei fêste besiker Johannes Keekstra.
En we sjogge werom op de 15de edysje fan 2002 mei de Fryske gothicmetalband Autumn en de Nederlânske band Within Temptation en de Fryske iepener Room no. 13. Der wienen doe 7.000 besikers, 15 bands en goed 330 frijwilligers. We sjogge yn de oefenromte fan Autumn en prate mei de bandleden Nienke de Jong en Meindert Sterk en we prate ek mei Jakob Hanenburg, sjonger fan Room no. 13 en mei Sharon den Adel en Robert Westerholt fan Within Temptation.