Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0207

Tûkelteammen 0207

11 Novimber 2003

Yn dizze taalkwis giet it tusken Johannes Kramer, foarsitter fan de FNP-steatefraksje, en Corlienke de Jong fan Jutryp; en Sietske Inberg, âld-D66-fraksjefoarsitter yn de gemeente Ljouwert, en Hans Weijer fan Bovensmilde.

LTV_TONYFEITSMA_WEROMROP

Wat beweecht Tony Feitsma?

20 Juny 1999

Tony Feitsma (1928-2009), âld-professor Fryske taal en letterkunde wie striidber as it om Fryske oangelegenheden gie. Oer de rol fan de Fryske beweging giet se yn dit programma yn diskusje mei skriuwer Piter Boersma. Dit portret út 1999 is gearstald troch Gryt van Duinen.

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

03 Maart 1991

Op 6 maart meie de kiezers stimme by de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn de oanrin dêrnei ta sjogge we by ferskate kandidaten op kampanjetoernee: Sicko Heldoorn fan de PvdA, Marten van der Veen fan de FNP en Minke van der Ploeg fan it CDA.