Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Krysttiid

Krysttiid

22 Desimber 2004

Oan de hân fan de tema's út it echte krystferhaal gie 'Wyn op Woansdei' op syk nei sân persoanlike krystferhalen. Sjoch yn dizze fideo nei: de stjêrren, de ingels, de herder, it ljocht, de Maria's, it offer en de stâl.

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

24 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de oplieding Griene Romte by it AOC yn Ljouwert. Learlingen leare dêr foar hofker. Der is no noch in learlingestelsel, fjouwer dagen yn de wike wurkje en ien dei nei skoalle, mar meikoarten begjint de dei-oplieding. J. Helmers, dosint en learlingen F. Calsbeek en S. Bijlstra fertelle oer de oplieding.

Wyn op Woansdei: Sweden

Wyn op Woansdei: Sweden

19 Oktober 2005

Programmamakker Douwe Boersma folget de emigraasje fan de famylje Golverdingen fan Wâlterswâld nei Fastnäs yn Sweden. Dêr sille se in camping begjinne. Wilbert en Brenda Golverdingen wurkje by it famyljebedriuw, de rydskoalle. Mei har trije jonge bern litte se alles achter. We folgje se yn har deistich libben, by de Sweedske les, prate mei famyljeleden oer de emigraasje en binne by it ôfskied. Yn Sweden sjogge we by de opbou fan de camping op it eardere fuotbalfjild.