Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 19: Keunst

LINKK 19: Keunst

22 Novimber 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer keunst. Wat is keunst? En wat is moai oan keunst? We geane mei skilder Anne Feddema nei in tentoanstelling yn it Groninger Museum en prate mei René Douma, hy is direkteur fan De Koornbeurs, it teater yn Frjentsjer. En we sjogge by graffitykeunstners.

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

25 Maaie 1989

Ynterview fan Geart de Vries mei Anne Wadman (1919-1997), ien fan de produktyfste skriuwers fan Fryslân. Hy wûn twa kear de belangrykste literêre priis, de Gysbert Japicx, yn 1952 en 1989. Neist poëzij en romans skreau er ek toaniel en krityske essees. Hy soarge foar emansipaasje fan de Fryske literatuer. Syn roman De Smearlappen út 1963 joech in soad opskuor fanwege it frijmoedich praten oer seks. Wadman wie ek ûnderwizer, redakteur by literêre blêden en resinsint en hy koe goed fioel spylje.

SADWAANDE_160102_KATTEN

Sadwaande: Katten

16 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer katten. We sjogge by trije katteleafhawsters: Francien Westering tekenet katten en skriuwt deroer yn de Margriet, Marja Dam hat 16 raskatten en giet der ek mei nei shows. En Jacqueline Claus, ek wol bekend as it kattewyfke, wenne mei 98 katten yn Minnertsgea, mar moast dêrwei, No hat se har 'poezenparadijs' yn Aldebiltsyl, mei 56 katten. Ek binne der ynstjoerde kattefilmkes te sjen en Floris wol graach Minoes wêze.