Fryslân Wetterlân (diel 2)

25 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmakkers yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'Yn syn hannen' fan Murk Jaep van der Schaaf giet oer ielfisker Ale de Jager, dy't mei syn 42 jier jong is foar ien mei sa'n berop. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Murk Jaep oer wat er mei wetter hat, hy brocht as Akkrumer in soad op it wetter troch, en we sjogge by de opnames. Foar de film 'Stjoerlju' makke Remco Wagenaar in portret fan boatsjeminsken yn de Johan Frisoslûs yn Starum. As Burgumer wie Remco sels ek in soad op it wetter te finen. Hy is fassinearre troch minsklik gedrach fan rekreanten dy't yn de slûs faak wat stress hawwe. En dêrnei is de koarte film te sjen.