Fryslân Wetterlân (diel 1)

18 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmaksters yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'elke dei wer' fan Leo Wentink giet oer Klaas dy't alle dagen by it Reaklif yn de Iselmar swimt, al 18 jier lang. Syn trije hûnen gean mei en stean trou op wacht as er swimt. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Leo oer har idee en we sjogge by de opnames. Foar de film 'fier en fierder' makke Anneloor van Heemstra in portret fan de twilling Oane en Ysbrand Galama. Se binne beide betûfte ljeppers en we sjogge by de tariedingen fan de wedstriid op It Heidenskip. Ek Anneloor fertelt oer har film, beide jonges begûnen te ljeppen om't se in soad yn de natuer wienen om te aaisykjen. En dêrnei is de koarte film te sjen.