Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SASEACH_7_KLAAS_RUSTICUS

Sa seach ik Fryslân 7: Klaas Rusticus

22 Maaie 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel sân Klaas Rusticus. Hy makke teäter en muzyk foar jeugd en makke syn telefyzjedebút by Swiebertje yn 1969. Foar de NCRV makke er it jeugdprogramma Orimoa yn 1974. Ek regisearre er de film Boete dwaen nei in ferhaal fan Teatske Alzum (1978), dy Fryske film wie op lanlike telefyzje te sjen, in primeur. We sjogge ek in fragmint út de film 'Want alleen kan ik niet gaan' (1979) en in muzykregistraasje út 1990. Rusticus wurket no benammen yn Dútslân.

SADWAANDE_021001_V2

Sadwaande: Hynstesintrum

02 Oktober 2001

Dizze Sadwaande giet oer it Fries Paarden Centrum yn Drachten. Dat is krektlyn iepene, mei keninginne Beatrix. Der is in grutte evenemintehal, in maneezje en sels in hotel. We sjogge by de training, keuring en yn de stâlen en der is ek in tentoanstelling oer de skiednis, mei sjeas en Frysk kostúm. We sjogge ek by keunstner Hans Jouta. Floris is hynsteflústerer.

Spegels: Oerol 1998

Spegels: Oerol 1998

26 Juny 1998

Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Les Arts Sauts, Dogtroep, Derevo, Suver Nuver, De Muzen, Wonderbaar, Stichting Papa en Rauw.