Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Mêstklimme

Sjoch Mar: Mêstklimme

07 July 1997

Arjen de Boer sjocht by it FK mêstklimmen yn Akkrum. Dielnimmers klimme sa rap mooglik yn in peal fan 7.15 meter.

LTV_SPANNENBURG_1_020297_WR

Spannenburgh, plak op ierde (1)

02 Febrewaris 1997

Fjouwerdielich dokudrama, ij dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.

Sybe Satellyt 0803

Sybe Satellyt 0803

04 Novimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Dizze kear giet it oer lûd en stilte. Sybe praat mei Elske Posthuma dy't net goed hearre kin. Se spilet oargel yn in tsjerke. Mei Henk Nieuwenhuis fan it Planetarium yn Frjentsjer praat Sybe oer oft it ek stil is op de moanne. En hy praat mei de mannen dy't lûd mjitte yn in stiltegebiet.