Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ITDOARP_POPPENWIER_170699

It Doarp: Poppenwier

17 Juny 1999

Portret fan it doarp Poppenwier en syn 180 ynwenners. Bysûnder is dat it doarp de tsjerke behâlden kinnen hat, mei in spesjaal oerwurk. Der is ek noch in ferskûle menistetsjerke. It doarp ken in eigen fariant fan kuorbal en hat sels in doarpshûs boud foar de jeugd en de ferieningen. De doarpshistoarikus fertelt oer eardere tiden. Der binne gjin winkels,de SRV-wein komt yn it doarp.

Sjoch Mar: Basketbal

Sjoch Mar: Basketbal

15 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by de basketballers fan Aris yn Ljouwert. De klup komt út yn de earste difyzje. Mar ek de bân mei de jeugd is belangryk, de bern krije training fan de seleksje.

Baas Boppe Baas 0407: Fjoerwurk

Baas Boppe Baas 0407: Fjoerwurk

01 Jannewaris 2004

Beant en Bennie begjinne in hanneltsje yn fjoerwurk. Se nimme wol in risiko, want de plysje docht allegearre kontrôles.