Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Nije Skoalle 7: Wurk foar jongeren

De Nije Skoalle 7: Wurk foar jongeren

18 Febrewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De sânde útstjoering giet oer wurk foar jongeren. Yn de jierren tachtich wiene der in soad jongeren wurkleas. Hoe dit kaam wurdt útlein troch ferskate saakkundigen.

Wurktiid TV: Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean

Wurktiid TV: Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean

12 Febrewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer arkbouwer Spruyt op It Hearrenfean. Fanwege de grutte fraach sykje se nije kollega's. Se ûntwerpe en bouwe de wetterwenten hielendal sels, meastentiids foar klanten yn de Rânestêd. Bêste kollega is Hiltsje Visser dy't in oplieding ta monteur docht. By automatisearringsbedriuw Hoogeveen yn Boalsert sykje sy kollega's. Twa minsken dogge op it arbeidsburo op 'e Lemmer in oprop foar wurk.

It Ljocht Op: Bjinse Wolters

It Ljocht Op: Bjinse Wolters

31 Maaie 1996

Yn petear mei fierljepper Bjinse Wolters. We sjogge hoe't er thús traint.