Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

03 July 1998

Op de Ljouwerter fleanbasis sjogge we by de lêste tariedingen op de dei foar de iepen dei. De fleantugen repetearje de shows en bewenners fan omlizzende doarpen en famyljeleden fan militêren meie komme om te sjen.

Wurktiid TV: WSW

Wurktiid TV: WSW

29 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de WSW, de wet op de sosjale wurkfoarsjenning, subsidiearre banen foar minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Direkteur F. Kooiker fan De Woudengroep fertelt oer it nut fan de wurkpleats en wurknimmers T. Gevers en F. van Velzen fertelle oer it wurk dat se dogge yn de wurkpleats, se meitsje ortopedyske produkten.

Boppedat: Fryslân 500, oer de skiednis fan Frjentsjer

Boppedat: Fryslân 500, oer de skiednis fan Frjentsjer

04 Juny 1998

Yn Boppedat fan 4 juny 1998 is in reportaazje te sjen oer de skiednis fan wat der barde yn 1498. Hertoch Albrecht van Saksen foel Fryslân binnen, hy socht in gebiet foar syn soan Hendrik om de macht oer te hawwen. Hy wenne yn it iennige kastiel fan Fryslân, Sjaerdemaslot yn Frjentsjer. It slot is yn 1713 ôfbrutsen, de restanten lizze ûnder it fjild fan it Sjûkelân. De bolwurken om it slot hinne binne noch altyd te sjen. Meindert Schroor en Wâtse Hiddema fertelle oer de skiednis.