Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

17 Maart 2004

Programmamakker Annet Huisman dûkt yn de wrâld fan de kreakers yn Ljouwert. Yn noch gjin jier tiid binne 15 pannen kreake. De measte gebouwen binne ek al wer ûntromme. Op dit stuit wurde noch sa'n 5 lokaasjes bewenne. Wa binne de kreakers en wêr steane sy foar? Annet Huisman sjocht by 'Steinoort' oan it Suderplein en 'De School', it eardere Centrum voor Vakopleiding oan de Ampèrestrjitte.

180717_SADWAANDE_OER_STUDINTEN_YN_LJOUWERT_04_10_2000.mp4

Sadwaande: Studinten

04 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer studinten yn Ljouwert, de stêd hat him de lêste tiid mear as studintestêd ûntwikkele. We sjogge hoe't Aafke Jongsma libbet as studint, se moat fral sunich libje want har âlden betelje neat foar har. We sjogge op de NHL en CHN en sjogge by de opliedingen ferpleechkunde en gasthearskip. Marga Waanders is adviseur kommunikaasje en fertelt oer Ljouwert as studintestêd. We sjogge ek by twa studinteferieningen yn Ljouwert, Io Vivat en Wolwêze. Prinses op learzens kin net mear pinne.

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

25 Maaie 1989

Ynterview fan Geart de Vries mei Anne Wadman (1919-1997), ien fan de produktyfste skriuwers fan Fryslân. Hy wûn twa kear de belangrykste literêre priis, de Gysbert Japicx, yn 1952 en 1989. Neist poëzij en romans skreau er ek toaniel en krityske essees. Hy soarge foar emansipaasje fan de Fryske literatuer. Syn roman De Smearlappen út 1963 joech in soad opskuor fanwege it frijmoedich praten oer seks. Wadman wie ek ûnderwizer, redakteur by literêre blêden en resinsint en hy koe goed fioel spylje.