Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Boatferhierders mei biodisel

Wurktiid TV: Boatferhierders mei biodisel

22 Febrewaris 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it brûken fan biodisel, dat makke wurdt fan koalsied. It is better foar it miljeu as disel. Twa Fryske boatferhierbedriuwen brûke dizze biodisel. C. Smits fan Holiday Boat yn Snits en H. de Vries fan Roukema yn Jirnsum fertelle deroer.

Hjoed: Oranjegefoel EK 2000 moat noch komme

Hjoed: Oranjegefoel EK 2000 moat noch komme

05 Juny 2000

In wike foar de earste wedstryd fan it Nederlânsk alvetal op it EK 2000 tsjin Tsjechië is der noch gjin massale Oranjegekte yn Fryslân. It Oranjegefoel libbet mear yn de media en kommersje as by de man yn de strjitte. Henk te Biesebeek makke in reportaazje.

Van Tuinen Thús by Hendrik ten Hoeve

Van Tuinen Thús by Hendrik ten Hoeve

15 Augustus 2001

Thús by Hendrik ten Hoeve yn Ljouwert, stedshistoarikus, ûnderwizer en PvdA-politikus.