Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0402

Sybe Satellyt 0402

12 Oktober 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei berneboekeskriuwster Diet Huber oer it berneboekegeskink, mei deputearre Sicko Heldoorn oer reklame yn it lânskip en Theo Wiersma hat in moai portret fan Sjef makke. Sake Roodbergen fertelt oer barchjeblommen.

De winter fan 1929

De winter fan 1929

21 Febrewaris 1999

Yn de dokumintêre “De winter fan 1929” fertelle trettjin Fryzen hoe’t sy de winter belibbe ha. Dizze ekstreme winter levere bysûndere ferhalen op. Bauke Tuinstra koe bygelyks net sliepe fan de kjeld en socht de waarmte op yn it strie en Sikke Kooistra ride de Alvestedetocht mei 300 minsken dêr't de helte fan net oer de finish kaam.

Spegels: Simon Vestdijk en dancefestival

Spegels: Simon Vestdijk en dancefestival

30 Oktober 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering de skriuwer Simon Vestdijk, de akwarellen fan Itte Zwaginga en in reportaazje oer in tal DJ's op it dancefestival: Northern Dance Experience.