Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

27 April 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs yn Wâlterswâld. Hy praat mei Thomas Vrieswijk oer it hynstespektakel dat syn 15de edysje belibje sil. Histoarikus Jouke Dantuma fertelt oer it oarlochsmonumint foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Ek praat Geert mei Jaap Bouma oer de doarpskrante en mei Wieger Jacobs oer it 100-jierrige muzykkorps en hy makke in reportaazje by de famylje Sinia, twa susters, in broer en mem wenje mei elkoar op de pleats dêr't de tiid stilstien hat. De live-muzyk komt fan Griet Wiersma.

LTV_AAISYKJE_EN_NEISOARCH_130497_WR

Aaisykje en neisoarch

13 April 1997

We sjogge by ferskate minsken dy't har dwaande hâlde mei de tradysje fan it aaisykjen en de neisoarch, it beskermjen fan de nêsten fan de greidefûgels. Leden fan de aaisikersklup d'âld Hij út Dearsum gean op 'en paad, mei pols en pet. We sjogge wat in boer en natuerleafhawwer op Skiermûntseach docht oan neisoarch en we hearre by de universiteit yn Grins nei ûndersyk op it mêd fan greidefûgelbeskerming.

Spegels: Klaas Koopmans en Escher

Spegels: Klaas Koopmans en Escher

05 Febrewaris 1999

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze kear: in reportaazje oer byldzjend keunstner Klaas Koopsmans en Escher, in tentoanstelling yn it Keramiekmuseum yn Ljouwert.