Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_061099_V2

Sadwaande: Merke

06 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer de wrâld fan de merke. We sjogge by de merke yn Grou en prate mei de minsken dy't dêr wurkje, by de sweef, Kop van Jut, botsauto's en oaljekoekekream. En we sjogge by it bedriuw Nauta/Bussink yn Heech dat reuzerêde bout foar de hiele wrâld. It nije duo Prinses op learzens, Floor en Marije, is ek op de merke.

Wyn op woansdei: Feminisme

Wyn op woansdei: Feminisme

30 Oktober 2002

Programmamakker Gerard van der Veer is benijd hoe't it mei it feminisme stiet. Is de emansipaasjebeweging noch sa fitaal as eartiids of is se op stjerren nei dea? Hy giet by trije feministes fan trije ferskillende generaasjes lâns om in antwurd op dizze fraach te krijen. Neffens de 56-jierrige Henriëtte Bolléé, se stie earder op de barrikaden, stelt it feminisme net folle mear foar en moat de jongere generaasje froulju folle mear fan har hearre litte.

Wurktiid TV: Kultuertoerisme yn Boalsert

Wurktiid TV: Kultuertoerisme yn Boalsert

04 Oktober 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opkomst fan it kultuertoerisme. Yn Boalsert hat de Stichting Kultuertoerisme yn Fryslân it âlde weeshûs kocht en opknapt. R. Terpstra fan de stichting fertelt deroer. Eksploitant H. Wijbenga ferhiert it stedsloazjemint.