Sadwaande: hygiëne yn de keuken, natuerstienbedriuw en âldere minsken yn it ferkear

04 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by natuerstienbedriuw Mercuur yn Hitsum, de hygiëne yn de keuken en binne âldere minsken in gefaar yn it ferkear? Dosint Simon Kuipers fan it Friesland College leit út wêr't je om tinke moatte by it wurkjen mei gehak en hin fanwege besmettingsgefaar. Jort en Miriam Mercuur ymportearje natuerstien út Marokko en slipe dêr bygelyks tafelblêden fan en sieraden mei fossilen deryn dy't ferkocht wurde by Natuurmuseum Fryslân. Neuropsycholooch Frederiec Withaar giet yn op de fraach oft âldere minsken gefaarlik binne yn it ferkear en we sjogge in âldere man by in rydles. By De Klinze yn Aldtsjerk sykje se minsken en de bêste kollega is in meiwurkster fan MCL.