Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E08: Raerd

Geert! S02E08: Raerd

04 Maaie 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Raerd, Hy praat dêr û.o. mei Jan van Erp en Nienke Hainja oer de Slachte. Fierder hat er it oer trikes, mei Andela Boorsma en Lieuwe Koldijk praat er oer in film en mei Jan Zantema hat er it oer it opknapte doarpshûs. De live-muzyk komt fan Kammeraerd.

180719_SADWAANDE_OER_DE_GRINS_14_02_2001.mp4

Sadwaande: De grins

14 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer de grins. We sjogge nei it ûntstean fan grinzen, binne se steatkundich (troch minsken bepaald) of natuerkundich (troch de natuer bepaald). Mei histoarikus en geograaf Meindert Schroor besjogge we trije typen grinzen yn it lânskip: de Swette, ferkaveling en feanskieding. We sjogge yn Gerkeskleaster/Strobos, dit twillingdoarp leit foar in part yn Fryslân en foar in part yn Grinslân. Hoe libbet dat dêr en hoe wie dat foar it transportbedriuw Broersma?

LTV_SASEACH_2_JAN_BEARN_SINGELSMA

Sa seach ik Fryslân 2: Jan Bearn Singelsma

23 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel twa praat er mei Jan Bearn Singelsma, bekend as lieder fan de FNP, mar yn de jierren 1940 en 1950 wie er fanatyk amateurfilmer. Hy waard oanstutsen troch it firus doe't er as jonge de filmer Gerrit Aalfs oan it filmjen seach by it wurk oan de slûs by Koarnwert yn 1932. Yn 1946 makke Singelsma syn earste film 'O Skylge myn lantsje', oer it jongereinwurk fan it Bûn fan Fryske Nasjonale Jongerein, bedoeld as propaganda foar it Frysk. Yn 1947 makke er in film oer de Lânbou-winterskoalle.