Sadwaande: De grins

14 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer de grins. We sjogge nei it ûntstean fan grinzen, binne se steatkundich (troch minsken bepaald) of natuerkundich (troch de natuer bepaald). Mei histoarikus en geograaf Meindert Schroor besjogge we trije typen grinzen yn it lânskip: de Swette, ferkaveling en feanskieding. We sjogge yn Gerkeskleaster/Strobos, dit twillingdoarp leit foar in part yn Fryslân en foar in part yn Grinslân. Hoe libbet dat dêr en hoe wie dat foar it transportbedriuw Broersma? We binne ek yn Weststellingwerf, dêr wurket de gemeente gear mei Eaststellingwerf en we prate oer mooglike nije weryndielingen. Prinses op learzens betinkt sels nije grinzen.