Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OPBOU_3_WEROMROP

De Opbou 3: De begelieders

21 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit tredde diel komme de tsjinstanners en tsjinlûden fan de yndustrialisaasje oan de oarder. It sukses is sa grut dat sels yn Amearika reklame makke wurdt foar de Drachtster skearapparaten. Philips hat mear personiel nedich en besiket dy te winnen ûnder Friezen om utens. Troch de groei fan it fabryk en it grutte tal minsken dat dêryn wurket, feroaret de maatskippij ek. In animaasjefilmke moat de foaroardielen fan it wurk yn it fabryk weinimme.

PETROLANDL7_WR

Petroland L7

27 Augustus 1996

In rige út 1996 oer it platfoarm L7 fan Elf Petroland yn de Noardsee. De trije dielen oer it boareilân behannelje de technyk fan it oaljewinnen, de feiligens en it libben offshore.

LTV_BINNENSKIPPERJE_WEROMROP

Binnenskipper Douwe Visser fan Snits

20 Septimber 1992

Yn dit programma farre we mei Douwe en Hetty Visser fan Snits mei op har binnenfeartskip fan 950 ton. Sechtich kear yn it jier farre se fan Akkrum nei Giesbeek om sân te heljen. "Farre is in manier fan libjen" seit Douwe Visser. We sjogge hoe't se by de slûs op De Lemmer de post ophelje. Hetty komt fan de wâl en is stadichoan yn it wurk rûgele. Troch de wike binne se mei har beiden op it skip, de bern sitte op in ynternaat yn Ljouwert, se geane nei in gewoane skoalle. Yn it wykein binne se op it skip. Yn de simmer is Visser skûtsjeskipper by de SKS.