Binnenskipper Douwe Visser fan Snits

20 Septimber 1992

Yn dit programma farre we mei Douwe en Hetty Visser fan Snits mei op har binnenfeartskip fan 950 ton. Sechtich kear yn it jier farre se fan Akkrum nei Giesbeek om sân te heljen. "Farre is in manier fan libjen" seit Douwe Visser. We sjogge hoe't se by de slûs op De Lemmer de post ophelje. Hetty komt fan de wâl en is stadichoan yn it wurk rûgele. Troch de wike binne se mei har beiden op it skip, de bern sitte op in ynternaat yn Ljouwert, se geane nei in gewoane skoalle. Yn it wykein binne se op it skip. Yn de simmer is Visser skûtsjeskipper by de SKS.