De Opbou 3: De begelieders

21 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit tredde diel komme de tsjinstanners en tsjinlûden fan de yndustrialisaasje oan de oarder. It sukses is sa grut dat sels yn Amearika reklame makke wurdt foar de Drachtster skearapparaten. Philips hat mear personiel nedich en besiket dy te winnen ûnder Friezen om utens. Troch de groei fan it fabryk en it grutte tal minsken dat dêryn wurket, feroaret de maatskippij ek. In animaasjefilmke moat de foaroardielen fan it wurk yn it fabryk weinimme. Dûmnys meitsje har soargen oer it 'stomme' wurk en yn de Wâlden komme spesjale 'werkers in kerkelijke arbeid' om minsken mei te krijen yn de feroarjende maatskippij. Ek kamen der manifestaasjes om tsjerke en bedriuwslibben by elkoar te hâlden. Yn stee fan buorkerijen kamen der fabriken, diken, en wenningen. Ek komt der omtinken foar de wolfeart fan de minske, der komme biblioteken, doarpshuzen en sportfjilden.