Wâldrock 2002

24 Juny 2002

Goed 7.500 taskôgers, 15 bands, foar it earst in twadde poadium en twa brutsen skonken. Dat binne de yngrediïnten fan in rêstich ferrûn Wâldrock 2002. Opfallend dit jier de opkomst fan de Gothic-Metal. Mei as grutte publykslûker fansels Within Temptation. Mar ek it Fryske Autumn makke sneon yn Burgum grutte yndruk. Klokslach 12 oere wurde sneon de stekken iepensetten. De 15de edysje fan Wâldrock is in feit. It festival wurdt tradisjoneel iepene troch in Fryske band. Dit jier Room nr. 13. Mear as 300 frijwilligers binne nedich om Wâldrock ta in sukses te meitsjen. Dochs hat it festival it hieltyd dreger om minsken te finen. En dat wylst Wâldrock dit jier foar it earst mei twa poadiums wurket. En dat freget wer ekstra meiwurkers. Dochs is it publyk te sprekken oer de nije opset. De Fryske Gothicband Autumn hat krekt in platekontrakt by Sony tekene. Harren nije CD is hjoed presintearre op Wâldrock. En mei sukses. Want oan de ein fan de middei binne alle CD's hast útferkocht. En dat Gothic populêr is docht bliken by it optreden fan publykslûker Within Temptation.