NOVA: oer de start fan regionale telefyzje

03 Febrewaris 1994

Foar de start fan regionale telefyzje makke NOVA, it aktualiteiteprogramma fan de NOS, dêr in reportaazje oer. De ferslachjouwer, dy't him ôffreget oft der wol genôch nijs wêze sil yn Fryslân om alle dagen in programma te meitsjen, sjocht achter de skermen by de redaksjegearkomsten, en giet mei Gerard van der Veer op paad dy't in item makket oer Houtigehage dat gjin sporthal krijt. Fierder binne bylden te sjen fan de redaksje, de montaazje, it oefenjen fan de útstjoering en de rezjyromte. Friezen om utens Heinze Bakker en Pia Dijkstra fertelle beide hoe't se der tsjin oan sjogge.