Wâldrock 1996 (1)

28 Juny 1996

Foarútblik op de njoggende edysje fan Wâldrock: 9.000 rockfans wurde ferwachte op it grutste rockspektakel fan it noarden by Burgum. In ferdûbeling fan it tal taskôgers, yn fergeliking mei ferline jier. En dat hat neffens de organisaasje alles te krijen mei it programma. De earste leafhawwers fan metalrock sloegen middeis harren tinten al op, op de ymprovisearre kamping by it festivalterrein. De fans komme út Dútslân, Ingelân en Frankryk en fierders út hiel Nederlân. Op dit poadium sille tsien bands optrede, foar in útferkocht hûs. De omwenners fan de Simmerdyk, dêr't Wâldrock hâlden wurdt, binne foar dizze meast lawaaierige dei fan it jier, al yn 'e mjitte kommen. Of se ha in kaartsje foar it festival krigen, of in kaartsje foar it iepenloftspul fan Burgum. Wâldrock kostet dit jier 450.000 gûne en draait op in frijwilligersploech fan 320 minsken. Haadact is Ministry út Amearika, de Fryske ynbring komt fan the Hideous Sun Demons, mar de measte minsken komme foar Slayer.