Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: It Fryslân fan, Rinny Siemonsma en de Ljouwerter Bachferiening

Spegels: It Fryslân fan, Rinny Siemonsma en de Ljouwerter Bachferiening

06 Novimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Fiif filmmakkers, Marijke Jongbloed, Roel van Dalen, Pieter Verhoeff, Jos de Putter en Frans Bromet binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek Hoe God verdween uit Jorwert fan Geert Mak. Fierder omtinken foar keunstner Rinny Siemonsma mei Karst Berkenbosch en de skiednis fan de Ljouwerter Bachferiening. Dy bestiet 50 jier.

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

20 Novimber 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan twaddehânsguod. Rotsoai of net, foar in soad oaren is de hannel yn twaddehânsguod in brok aventoer. Hy praat mei hannelers op de merk en sjocht by Het Lichtpunt yn Kollumersweach, dat is ien fan dy "doorvoerhavens" fan twaddehânsguod. Se riede har ta op de ferkeapdei dêr't hannelers har slach slane. Der is fan alles, meubels, servys, boartersguod en klean. Ek praat er mei Machiel Dykstra fan it feilinghûs. Dy besjocht de ynboel fan in wenning.

LTV_NIJJIER_YN_DRACHTEN_WEROMROP

Nijjier yn Drachten

03 Jannewaris 1993

In portret fan de ploech dy't yn Drachten wurket oan de Nijjiersrevue 'De zon- en feestdagenshow' fan 1993. De tradysje is begûn ûnder de eardere Laweidirekteur Roel Oostra mei it stik 'Dag ouwe, dag jonge' yn 1972 en de hjoeddeiske direkteur Thom van der Goot set dat troch. De tekst is fan Rients Gratama dy't ek meispilet en de muzyk is fan Peter Sijbenga. It stik wurdt spile troch tal fan amateurs, guon dogge al foar de 15e kear mei. We sjogge by de tarieding, repetysjes en it naaien fan de kostúms.