Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Op it Aljemint: Fryslân 500

Op it Aljemint: Fryslân 500

23 April 1997

Yn 1998 fierde de provinsje 'Fryslân 500'. Mei betinkingen en eveneminten waard stilstien by it feit dat Fryslân 500 jier lyn troch Albrecht van Saksen yn 1498 ûnder sintraal gesach kaam. Dêrmei kaam in ein oan de ferneamde Fryske frijheid. It feest hat fan begjin ôf oan foar- en tsjinstanners hân. Yn it politike praatprogramma Op it Aljemint praat Onno Falkena op 23 april 1997, dus in jier foardat Fryslân 500 is, mei Pieter de Groot, sjoernalist by de Leeuwarder Courant en kritikaster en Thom van der Goot, direkteur fan De Lawei en as bestjoerder belutsen by Fryslân 500.

Wyn op Woansdei: Spul yn Feanwâlden

Wyn op Woansdei: Spul yn Feanwâlden

16 Febrewaris 2005

Programmamakker Evert van den Berg siket út hoe't it sa út de hân rinne koe yn de Klysterstrjitte yn Feanwâlden. Dêr is spul tusken buorlju útrûn op oarloch mei as gefolch dat in Somalyske húshâlding flechtsje moast. Oanlieding wie lûdsoerlêst of is der sprake fan rasisme? De buorlju Bubb en Wijbenga komme oan it wurd en oare buertbewenners, mar ek boargemaster Arie Aalberts en LC-sjoernalist Eva Vriend oer de berjochtjouwing yn de media.

180712_SADWAANDE_OER_GEUR_01_03_2000.mp4

Sadwaande: Rûke

01 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer rûke en geuren. Wêrom rûkt wat lekker en stjonkt wat oars. In KNO-dokter leit de wurking fan de noas en it rûken út. We sjogge yn de praktyk fan in aromaterapeute en op it Van Hall Instituut is geur belangryk by de oplieding Voedingsmiddelentechnology. Prinses op learzens wol de stjonkende ôffalbulte te liif gean mei spuitbussen.