Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande_Brij_12_05_1999

Sadwaande: Brij

12 Maaie 1999

Dizze Sadwaande giet oer brij. We sjogge op in suvelbuorkerij op De Tynje dêr't ferskate soarten brij makke wurde en ek ferkocht yn glêzen flessen. Mei bernedokter De Vries fan MCL ha we it oer wat bern fan har âlden meikrije. By Scherjon yn Noardburgum sjogge we hoe't klompen makke wurde, Eelke hat it fan syn heit leard en dy wer fan syn heit. En we sjogge ferskate sulveren leppels út de kolleksje fan it Fries Museum.

LTV_Liet-Lavlut-2006-Fryske-titels_WR

Liet Lavlut 2006

01 Jannewaris 2007

Kompilaasje fan Liet Lavlut (Lavlut is Sámysk foar lietsje), it ynternasjonale sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen. Dat is yn 2006 yn it Sweedske Östersund. Foar Fryslân docht de band Van Wieren mei om't se it Fryske Liet wûn hienen.. We sjogge alle optredens en de artysten fertelle oer it ferske dat se spylje.

180720_SADWAANDE_07_02_2001_SEEFEART.mp4

Sadwaande: Seefeart

07 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer seefeart. We sjogge op Skylge op it maritym ynstitút Willem Barentsz, prate mei studinten. We sjogge ek hoe't se wenje en watfoar lessen oft se krije. Der is grut ferlet fan personiel, dat fernimme de reder en it útstjoerburo ek. Prinses op learzens wol ek farre. En fansels mei in shantykoar net ûntbrekke.