Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_230102_FUORTFANHUS

Sadwaande: Fuort fan hûs

23 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer fuort fan hûs. We sjogge by trije minsken dy't foar har wurk in skoft fan hûs binne, op see. Josje Cuperus is de helte fan de tiid allinne om't har freon op de grutte feart sit, wat docht dat mei har relaasje? Hoe sit dat by marine-offisier Melvin van der Leij en syn partner? En we sjogge by de jonge Onne Steneker, dy't op de seefeartskoalle sit, is hy ek ûnwennich?

LTV_FRANKE_SLOOTHAAK

Franke Sloothaak: springruter

16 Oktober 1994

Portret fan springruter Franke Sloothaak, berne yn 1958 en opgroeid yn Rotsterhaule. Hy wie gek mei bisten en koe al betiid goed mei hynders. Hy hat 16 hynders op stâl en rydt tal fan konkoersen. Hy fertelt oer syn wurk, en we sjogge him by wedstriden en op de training. Ek syn âlden komme oan it wurd en der binne argyfbylden fan de jonge ruter.

LTV_AUKE_DE_VRIES

Auke de Vries: byldzjend keunstner

06 Novimber 1994

Portret fan byldzjend keunstner Auke de Vries. Hy is yn 1937 yn Burgum berne. Syn wurk is 'poëzy yn de romte'. Hy makke wurk foar by de Maas yn Rotterdam, de Twadde Keamer yn Den Haag, mar syn wurk is ek yn Dútslân en Spanje te finen. Hy fertelt oer syn ynspiraasje en wurkwize.