Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

30 April 2003

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket it Oranjegefoel, net dat wat mei it fuotbaljen te krijen hat, mar mei it keningshûs. Wat is de hâldberheidsdatum fan de monargy? Hy giet op besite by jonker Cees van Eysinga en syn frou barones Van Harinxma thoe Slooten yn Huize Boschoord yn Sint-Nyk. De jonker wie 23 jier lang keamerhear fan Juliana en Beatrix en hat nauwe bannen mei de keninklike famylje. Ek praat Gerard van der Veer mei twa republikeinen dy't neat fan it keningshûs ha moatte: Lútsen Haak en Yvonne Rutgers. En hy sjocht by de samling fan Aukje van der Veen dy't al 40 jier alles bewarret fan de Oranjes, mei har besiket Gerard in Oranjebeurs yn Amerongen.