Wyn op woansdei: Feminisme

30 Oktober 2002

Programmamakker Gerard van der Veer is benijd hoe't it mei it feminisme stiet. Is de emansipaasjebeweging noch sa fitaal as eartiids of is se op stjerren nei dea? Hy giet by trije feministes fan trije ferskillende generaasjes lâns om in antwurd op dizze fraach te krijen. Neffens de 56-jierrige Henriëtte Bolléé, se stie earder op de barrikaden, stelt it feminisme net folle mear foar en moat de jongere generaasje froulju folle mear fan har hearre litte. Arjette de Pree (37) tinkt lykwols dat der al sa'n soad berikt is, dat froulju benammen mei de partner ûnderhannelje moatte oer de taakferdieling thús. Se moat it húshâlden nei in skieding allinne dwaan. De 24-jierrige Iris van der Tuin wennet yn Grins en sjocht dat har generaasje net folle mear mei it feminisme te krijen ha wol. Sels wurdt se troch leeftiidgenoaten somtiden grappich neamd as se foar har feministyske idealen opkomt.