Wyn op Woansdei: Ljocht

20 Maart 2018

Programmamakker Albert Jensma sjocht dat hieltyd mear keunstljocht brûkt wurdt. De ôfrûne 25 jier is it gebrûk mei mear as 6 persint yn it jier tanommen en dêrtroch ferdwynt it tsjuster fan de nacht. Hy giet op syk nei de gefolgen fan dit ljochtbombardemint en praat mei Rebekka Wassenaar fan Froubuorren, dy't har winterdepresje ferdriuwt mei keunstljocht en mei psychiater Hendrik den Daas oer hoe't soks wurket. Op it bedriuw fan Sjon en Lenie Egbert yn Berltsum wurkje se mei keunstljocht om blommen te kweken. De útwreiding sil gefolgen ha foar de nacht yn dizze regio. Mei astronoom Henk Nieuwenhuis, biolooch Johan de Jong en Mirte Kooistra fan de Fryske Milieufederaasje sjocht er nei de negative gefolgen fan al dat ljocht yn de nacht.