Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan. Wâldrock wie ien kear earder útferkocht, yn 1999. Mei 10.000 besikers. Dit jier sit Wâldrock oan syn top mei 12.000. En dat soene der mear wurde kinne. It ferkear hat der yndie fan te lijen. By de Simmerdyk is it in drokte fan belang. Ek wurde der kaarten swart ferkocht. Mar de festivalgongers dy't ien kear binnen binne, meitsje harren dêr net drok om. Iron Maiden, oanwêzich mei mar leafst 60 man crew, sil it festival ôfslute.