Hjoed: alderearste útstjoering

04 Febrewaris 1994

Omrop Fryslân begûn yn 1994 mei regionale telefyzje. De allerearste útstjoering wie op 4 febrewaris, presintearre troch Dieuwke Kroese. Dêryn sit in reportaazje oer de komst fan it sâltfabryk Frima yn Harns dat wurk biede sil oan 60 minsken. By Winaam sit in soad sâlt yn de grûn dêr't boarre wurdt. Ek is in ferslach fan de nijbou fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Dêrfan is it heechste punt berikt. De fuotbalklup wol mei in publyksaksje in diel fan it jild ophelje by de fans. Op de beurs BOOT yn Ljouwert is te sjen dat de animo foar boaten en it wurk op de werven wer tanimt. Ek is der in reportaazje oer de nije SAR-helikopter dy't it pasjinteferfier fan en nei de Waadeilannen fersoargje sil. Yn de biblioteek yn Drachten lit de tentoanstelling 'u kunt veel meer meneer' sjen dat manjlu mear yn it húshâlden dwaan kinne no't hieltyd mear froulju wurkje. En der is in reportaazje oer in útstalling yn de Ljouwerter Avérotoer mei wurk fan keunstners fan Frysk Palet, lykas Klaas Koopmans.