Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRIJFAAM

Frijfaam

18 Desimber 1994

Yn dit programma komme seis froulju op leeftiid oan it wurd, se fertelle oer har libben as frijfaam. Dat se noait troud west ha, hat foar- en neidielen sizze se. Se fertelle oer út watfoar húshâlding oft se komme, oer har oplieding, wurk en hobbys. Se ha der allegear frede mei dat se allinne binne. De froulju binne: Wytske Verloop (Aldegea, W), Detsje Koen en Durkje de Boer (Ljouwert), Antsje Joustra (Easterein), Doet Miedema (Dokkum) en Stien Draaisma (Boalsert)

De Nije Skoalle 7: Wurk foar jongeren

De Nije Skoalle 7: Wurk foar jongeren

18 Febrewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De sânde útstjoering giet oer wurk foar jongeren. Yn de jierren tachtich wiene der in soad jongeren wurkleas. Hoe dit kaam wurdt útlein troch ferskate saakkundigen.

Skûtsjesjoernaal: finale IFKS 2004

Skûtsjesjoernaal: finale IFKS 2004

14 Augustus 2004

Yn dit skûtsjesjoernaal it ferslach fan de lêste dei fan de IFKS-silerij 2004.