Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MINSKEWURK_2_FISKERS

Minskewurk 2: Fiskers

31 Oktober 2000

We sjogge by fjouwer fiskers. Bertus Visser fisket op it binnenwetter fan de Aldegeaster Brekken en hellet 60 fûken leech op iel. Trije sportfiskers fertelle wat har tip is foar geskikt lokfoer dat se sels meitsje. Ek sjogge we by in garnalekotter yn Harns dy't dagen op de Waadsee mei sleepnetten fisket. Se wurde oan board al sean. De garnalen wurde op de ôfslach feild. En Doede Bleeker ferkeapet alle soarten fisk yn syn winkel yn Starum. Ielrikje is syn spesjaliteit. Hy is sa gek op fisk dat er se wol tútsje kin.

Baas Boppe Baas 0104: Sike Kij

Baas Boppe Baas 0104: Sike Kij

01 Jannewaris 2001

Meardere kij wurde siik en de boeren tinke dat it oan smoarch sleatswetter leit. Der is in jerrycan mei frjemd guod fûn yn de sleat en de plysje docht ûndersyk nei de saak. Mar Beant hat al in idee fan wa't de jerrycan is...

Wurktiid TV: Akteursburo Den Derden

Wurktiid TV: Akteursburo Den Derden

28 Maaie 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it akteursburo Den Derden yn Ljouwert. Se wurkje foar bedriuwen en betinke teätrale konsepten. Bêste kollega is Alie Ziel, fersoarchster yn Vegelinshof op De Jouuwer. By Douma Staal yn Snits sykje se in meiwurker en ien docht ek wer in oprop.