Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

18 Febrewaris 1990

Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Der binne mear Friezen om utens: Klaas Oreel sit yn de fiskerij en Gjalt Ytsma hat seeskippen yn Hong Kong. Tjeerdsma folget Reinder Schaap by ferskate bedriuwen del lykas in roazekwekerij en fertelt oer de hannel mei de Sinezen.

180706_SADWAANDE_TROUWE_23_09_1998.mp4

Sadwaande: Trouwe

23 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer trouwen. We sjogge benammen by de tariedingen: it útsykjen fan de jurk, it pak, de kapper en de fotoreportaazje. We prate mei in notaris en sjogge by in maatskip, in pear dat beide yn it boerebedriuw wurket. Ingrid folget it wurk fan de bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân.

Wyn op Woansdei: Suderbuorren

Wyn op Woansdei: Suderbuorren

02 Novimber 2005

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht yn de nijbouwyk Suderbuorren yn it suden fan Ljouwert. Al 1.000 huzen binne boud en der moatte noch sa'n 900 by komme. Huzen op romme kavels, faak oan it wetter foar minsken mei in flinke beurs. We sjogge by Jelle en Pietje Huitema dy't by de bou sjogge en ride mei Cor Brinksma, de ynformele boargemaster, troch de wyk. Wethâlder Roel Sluiter wennet der ek, hy is entûsjast oer de wyk. Fierder sjogge we by moetingsplak, de supermerk, giet it oer it bosk fan Pylkwier.