Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 1994

Fytsalvestêdetocht 1994

24 Maaie 1994

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Yn Boppedat sjogge we hoe't de tocht fan 1994 gie.

50 jier Omrop Fryslân 3 In eigen Omrop

50 jier Omrop Fryslân 3 In eigen Omrop

14 April 1996

Yn 1988 krige Fryslân de earste selsstannige regionale omrop: Omrop Fryslân. Yn dizze tredde en lêste útstjoering fan '50 jier Omrop Fryslân' is alles te sjen oer wat hjiroan foarôf gie. Mar ek hoe't de earste jierren fan selsstannichheid gongen.

LTV_SPORTERS_TRIJELUK

Trijelûk: weromsjen op Alvestêdetocht, fierljeppe en skûtsjesile

06 Febrewaris 1994

Yn dit trijelûk komme trije Fryske sporten oan de oarder: reedride, fierljeppe en skûtsjesile. We sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1933, by de nije tentoanstelling yn it reedrydmuseum yn Hylpen is in reüny fan riders. It wie in frij maklike tocht mei goed waar, en twa winners: Abe de Vries en Sipke Castelein. Se sjogge werom op dy tocht. Weromsjen dogge ek twa âld-fierljeppers dy't yn de 60-er jierren kampioen waarden: George Valkema en Roel Bokke Span. We sjogge bylden fan it ljeppen yn Winsum en de yntroduksje fan de aluminium pols troch Evert Wilstra.