Trijelûk: weromsjen op Alvestêdetocht, fierljeppe en skûtsjesile

06 Febrewaris 1994

Yn dit trijelûk komme trije Fryske sporten oan de oarder: reedride, fierljeppe en skûtsjesile. We sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1933, by de nije tentoanstelling yn it reedrydmuseum yn Hylpen is in reüny fan riders. It wie in frij maklike tocht mei goed waar, en twa winners: Abe de Vries en Sipke Castelein. Se sjogge werom op dy tocht. Weromsjen dogge ek twa âld-fierljeppers dy't yn de 60-er jierren kampioen waarden: George Valkema en Roel Bokke Span. We sjogge bylden fan it ljeppen yn Winsum en de yntroduksje fan de aluminium pols troch Evert Wilstra. Ta beslút fertelt Nederlânsk filmer Bert Haanstra oer syn film 'De stem van het water' dêr't er it SKS-skûtsjesilen folget fan 1965. Under oare âld-skippers Rintsje Ritsma en Auke de Groot komme oan it wurd.