Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

27 Juny 2002

Babyboom yn Aldegea-Smellingerlân. Yn it doarp binne de lêste tiid 30 lytse poppen berne. De ynwenners ferklearje de oanwas troch it grut tal jonge minsken dy't yn de nijbou kaam binne. Mar de bakker fan it doarp tinkt dat der mear oan de hân is. Fan 'e middei krige doarpsbelang Aldegea in cheque foar de flink befolkingsgroei én omdat it doarp 100 jier bestiet.

OFFALUTBRAZILIE_WR2

Offal út Brazilië

17 Febrewaris 2002

De Braziliaanske 'ecodesigner' Aguida Zanol is op útnûging fan de provinsje in moanne yn Fryslân foar in tentoanstelling, moadeshow en in workshop. Se makket klean, assessoires, skuon en meubels fan ôffal. Fan û.o. metaal, plestik, papier, glês en rubber docht se dat. We sjogge har ek oan it wurk yn har atelier yn Belo Horizonte yn Brazilië dêr't se kontakt hat mei de ôffalynsammelers. Se wol sjen litte datst mei ôffal moaie en brûkbere dingen meitsje kinst en wol sa helpe minder it miljeu te fersmoargjen. Se ferkeapet har klean oan artysten en giet ek yn Ljouwert by de winkels del.

Sybe Satellyt 0307

Sybe Satellyt 0307

16 Maart 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe is troch de bern fan de Theun de Vriesskoalle weromhelle út it hielal mei harren spultsjekompjûter. Sybe sjocht hoe't fûgels dy't ûnder de oalje sitte, skjinmakke wurde by de Fûgelhelling. Yn de Alde Feanen speurt Tsjibbe de Jong fan it Fryske Gea nei spoaren fan otters. En it museum yn Emmeloord hat in wrâldprimeur: it skelet fan in Siberyske mammoet.