Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_1_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 1: Maaiedagen yn Makkum

08 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel ien de oanrin nei it begjin fan de oarloch. Hoe waard dy tiid belibbe yn Makkum en omstreken? Gertrud Faber-Hornstra, Pieter Tichelaar en Annie Keuning-Tichelaar, Bauke Kamstra en Willem Braam (doe soldaat) fertelle oer har oantinkens oan it begjin fan de oarloch. It giet oer de mobilisaasje, de Wûns-stelling, dat Makkumers flechtsje, oefeningen fan de Luchtbeschermingsdienst, striid by de Ofslútdyk, it bombardemint Rotterdam en dêrnei de kapitulaasje en de yntocht fan de Dútsers.

OEROL_2002_REPO

Reportaazjes Oerol 2002

14 Juny 2002

Reportaazjes út it programma Hjoed oer it festival Oerol 2002 op Skylge. 14/6: 'Só fest op dyn sân!' Dizze titel hat Oerol dit jier meikrigen en dat wol sawat sizze as: de ferbûnens mei it eilân. 15/6: Kaartferkeap Oerol troch grutte tarin foar in part stopset. 17/6: Iepeningswykein Oerol-festival lûkt 25.000 minsken; kaartferkeap kin de drokte net mear oan. 18/6: Mear omtinken jaan oan it minderheidstaalteater. Dat is it doel fan Salted, it stik dêr't Tryater dit jier mei op Oerol stiet. 19/6: Oerol moat in wurkpleats foar jonge teatermakkers wêze.

LTV_Nynke-Laverman_WR

Nynke Laverman - Ik fiel wat ik sjong

23 April 2006

Nynke Laverman is dwaande mei har nije programma 'De maisfrou'. Se fertelt oer har ideeën en ynspiraasjeboarnen. De teksten binne skreaun troch dichter Albertina Soepboer, dy't har ynspirearje liet troch Meksiko, it lân dêr't se beide ek hinne west ha. Se fertelle oer de teksten en de muzyk en we sjogge by de opnamen en de muzikale ynfolling fan slachwurker Sytze Pruiksma.