Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

27 April 1989

Portret fan de buertsuper yn Turns. Jan Bootsma wie earder bakker en bakt no noch trije dagen yn de wike en hat mei syn frou in lytse winkel mei iten. Guon klanten komme der al 40 jier. Hy besoarget de boadskippen ek bûtenút, en komt ek by Tsjerkje fan kafee De Klieuw. Yn Penjum is ek in buertsuper, de eigener kombinearret it mei in pizzeria. Jan Hettinga fan Feriening Lytse Doarpen fertelt oer it belang fan winkels op de doarpen. Ek sjogge we by in kursus foar jonge ûndernimmers.

LTV_IN_SKIP_MEI_KARAKTER_2.mxf

In skip mei karakter

05 Septimber 1993

Yn dit programma sjogge we trije âlde skipstypen foarbykommen: sleepboat, pream en beurtskip. Kees en Cock Duijvesteijn komme fan it Westland en wenje no oardel jier oan it PM-kanaal by Warten. Se kochten sleepboat HZ8, se binne der wiis mei fanwege it robúste karakter. Op de nasjonale sleepboatdagen yn Amsterdam treffe se oaren mei ek in sleepboat, net in boat is gelyk. It skip is boud yn 1929 en die oant 1978 tsjinst. Sjerp de Vries fan Terherne hat in pream, dat is eins in boereskip. We sjogge tal fan preammen by de Langwarder Wielen, ek byldzjend keunstner Ids Willemsma hat in pream.

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 3

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 3

11 Oktober 2002

Yn dizze tredde (en lêste) ôflevering fan de searje oer fakânsje yn Fryslân praat Jildou de Vries mei Peter. Hy docht ûndersyk nei toerisme en rekreaasje. Wobbe van der Vegt fan de provinsje fertelt oer it toerismebelied fan de lêste jierren en wat de provinsje fierder ûntwikkelje wol op dit mêd.