In skip mei karakter

05 Septimber 1993

Yn dit programma sjogge we trije âlde skipstypen foarbykommen: sleepboat, pream en beurtskip. Kees en Cock Duijvesteijn komme fan it Westland en wenje no oardel jier oan it PM-kanaal by Warten. Se kochten sleepboat HZ8, se binne der wiis mei fanwege it robúste karakter. Op de nasjonale sleepboatdagen yn Amsterdam treffe se oaren mei ek in sleepboat, net in boat is gelyk. It skip is boud yn 1929 en die oant 1978 tsjinst. Sjerp de Vries fan Terherne hat in pream, dat is eins in boereskip. We sjogge tal fan preammen by de Langwarder Wielen, ek byldzjend keunstner Ids Willemsma hat in pream. It beurtskip Johanna Jacoba fear jierren tusken Snits en Drylts tusken 1929 en 1956. Frijwilligers ha it opknapt en mei keninginnedei yn 1993 siet Beatrix mei de famylje derop.