Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0208

Sybe Satellyt 0208

07 April 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe ûndersiket it ljipaaisykjen en sjocht by de oanbieding fan it earste ljipaai dat dit jier fûn is oan kommissaris Wiegel. Hy praat mei Hans Wiegel oer it wol of net sykjen fan aaien. Ek praat er mei in aaisiker yn it lân en in tsjinstanner fan it aaisykjen. Ek sjocht er dat it ôfbrutsen molkfabryk Freia fan Feanwâlden wer opboud is yn it iepenloftmuseum yn Arnhem.

WEROMBLIK--Heamiel-1-FNO230620OI

Hjoed: Heamiel 1994

23 Juny 1994

Omrop Fryslân wie yn 1994 by it Heamielfeest yn Boalsert. Heakeninginne Antje Breeuwsma en har gefolch skoden oan foar de tradisjonele rys mei rezinen.

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

29 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 3 stiet wer in oar aspekt fan duorsumens sintraal. We sjogge by de foarstelling Oerfloed fan BUOG, makkers Pieter Stellingwerf en Kees Botman lizze út dat se learlingen bewust meitsje wolle fan duorsumens. Keunstner Anneke Soldaat makket objekten fan ôffal en lit learlingen taskes meitsje. Jildou de Vries leit it belang fan ôffalskieding en recycling út. By Lankhorst yn Snits meitsje se pealtsjes fan lânbouplestik. En by de Fairtradewinkel wurde inkeld 'earlike' produkten ferkocht.