Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Dag Bonnehos

Wyn op Woansdei: Dag Bonnehos

23 April 2003

Programmamakker Evert van den Berg rint in pear dagen mei yn MCL-Noard, it âlde Roomske Bonifatius-sikehûs fan Ljouwert. It sikehûs dat 'Bonnehos' neamd wurdt giet ticht en plat. Hy praat mei in grut ferskaat oan minsken oer de betsjutting fan it sikehûs en it ôfskied dat der oan sit te kommen. We sjogge û.o. yn de keuken, de kapel, de keamers fan de susters en it mortuarium. Der binne noch trije susters yn it sikehûs.

LTV_OMMAGIO_091197_WR_2

Frysk Fanfare Orkest op wei nei it WMC

09 Novimber 1997

We folgje it Frysk Fanfare Orkest op wei nei it Wereld Muziek Concours (WMC) yn Kerkrade. Al twa kear ha se wrâldkampioen west, helje se dat no wer? We sjogge by de repetysjes, dirigint Jouke Hoekstra fertelt hoe spesjaal it orkest is om't de leden ek sosjaal in hechte klup foarmje. Ek folgje we twa leden fan it orkest: Durk-Jorrit van der Eems en Fenny Haagsma, se fertelle oer de bân mei har ynstrumint. En we folgje de dei fan it optreden, de reis derhinne, it wachtsjen, it optreden en de útslach fan de sjuery.

PETEAR_JOPIEHUISMAN

It Petear: Jopie Huisman

31 Oktober 1995

De markante keunstskilder Jopie Huisman fan Warkum sit by Klaas Jansma oan tafel.