Wyn op Woansdei: Dag Bonnehos

23 April 2003

Programmamakker Evert van den Berg rint in pear dagen mei yn MCL-Noard, it âlde Roomske Bonifatius-sikehûs fan Ljouwert. It sikehûs dat 'Bonnehos' neamd wurdt giet ticht en plat. Hy praat mei in grut ferskaat oan minsken oer de betsjutting fan it sikehûs en it ôfskied dat der oan sit te kommen. We sjogge û.o. yn de keuken, de kapel, de keamers fan de susters en it mortuarium. Der binne noch trije susters yn it sikehûs. Evert van den Berg praat ek mei pasjinten en âld-meiwurkers dy't oantinkens ophelje en hy sjocht by de tarieding fan de reüny dêr't argyfmateriaal foar by elkoar socht wurdt.