Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fermaak yn Fryslan 1 De wrâld fan Teake van der Meer

Fermaak yn Fryslan 1 De wrâld fan Teake van der Meer

12 Jannewaris 1989

Teake van der Meer stiet bekend as de Fryske kabaretier. Yn de earste útstjoering fan Fermaak yn Fryslân in portret oer syn libben en karriêre. Want wat is it geheim fan syn humor?

De Nije Moanne: De grutte skaal

De Nije Moanne: De grutte skaal

02 Desimber 1990

It giet oer skaalfergrutting, dat komt hieltyd mear foar: by bedriuwen, postkantoaren en suvelbedriuwen. Yn Aldskoat sit in postkantoar yn de supermerk, mar dy moat ticht want de PTT wol gruttere kantoaren iepenje mei mear service. Pleatslik Belang en de ynwenners binne der op tsjin. Yn de suvel is ek in grutte fúzje tusken de CCF en Frico Domo. Fan twa bedriuwen ien meitsje falt net ta. En yn it basisûnderwiis binne ek plannen foar skaalfergrutting. As in skoalle minstens 250 learlingen ha moatte soe, bliuwe der mar 13 skoallen oer yn Fryslân.

Wâldrock 1994

Wâldrock 1994

08 July 1994

Burgum makket him op foar it Wâldrockfestival. Op dit jierlikse heavymetalfestival wurdt topdrokte ferwachte. Yn de foarferkeap binne al mear as 2.500 kaartsjes ferkocht. Moarn wurde oer de 3.500 minsken ferwachte. De plysje hat fjouwer ekstra minsken ynset foar de dei, mar ferwachtet gjin problemen. Moarn komme de measte besikers, mar hjoed kamen de earste besikers al binnen en se bliuwe fannacht op de kamping by it festival. Der wurdt noch drok wurke oan de opbou fan it poadium en de organisaasje hat it ferskuorrende drok.