Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MINSKEWURK_5_DOKTERS

Minskewurk 5: Dokter

13 Febrewaris 2001

We sjogge by it wurk fan ferskate dokters: in plastysk sjirurch yn MCL dy't bygelyks flapearen korrizjearret, mar ek yn Nigeria operaasjes docht. By in húsdokter op De Tynje dy't in soad ferskillende minsken sjocht yn syn praktyk en ek besites rydt. By in foetrefleksterapeut yn Koarnjum dy't klachten fia de foet ferhelpe kin en by in natuergenêskundige yn Drachten dy't oan de iris sjen kin wêr't ien lêst fan hat.

ABD-sjoo 0407

ABD-sjoo 0407

22 Maart 2005

Yn de sande ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen de Tjongerskoalle út Mildaam en De Wegwijzer út Kollumerpomp it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by it Fries Scheepvaart Museum by in wyldsjitterke, in boat dy't brûkt waard om op guozzen te sjitten, by horloazjefabryk Van der Gang yn Dokkum en it Fersetsmuseum. Te gast is Mariska de Boer mei in sulveren rinkelbel. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Fytsalvestêdetocht 2004

Fytsalvestêdetocht 2004

31 Maaie 2004

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Ek by de edysje fan 2004 wie der wer in soad publyk oan de kant fan de dyk om de fytsers oan te moedigjen. Dit jier warskôge de organisaasje foar it tanommen tal ferkearsdrompels dêr't de fytsers goed om tinke moatte.